Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ121105

Een sage (mondeling), zaterdag 01 september 1979

Hoofdtekst

Doe't de brêge yn 'e Westerein makke is - dat hat yn 1915 of 1916 west - hat Jehannes Janke - de frou fan Jehannes de Jong - hwat fan tofoaren sjoen. Janke wenne flak by de brêge, yn 't earste húske oan 'e Boppewei.
Dêr wie doe in pont, salang se mei de brêge dwaende wienen. De molkrider Japik Hoeksma moest ek mei dy pont oer. Hy hie in swiere wein mei twa hynders der foar.
Doe sei Janke op in kear tsjin him: "Jo reitsje mei jou hynders yn 'e feart."
Mar dêr gebeurde neat en de lêste reis mei de pont soe wêze. De oare deis soe de nije brêge yn gebrûk komme.
Doe sei de molkrider: "Nou mat it dan gebeure, oars hat Janke gjin gelyk." Hy sei it sa'n bytsje spottend. Doe wie er mei de pont der oer, mar de pont lei noch net fêst. De beide hynders wienen al op 'e wâl. De hynders lutsen oan 'e wein. Mar trochdat de pont net fêstlei gong dy troch dy swiere wein achterút. En doe rekke de wein yn 'e feart mei de beide hynders derby.

Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

Een vrouw voorziet dat een man met paard en wagen de vaart in zal rijden. De man gelooft het niet, maar het voorgezicht komt toch uit.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1211, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

1 september 1979
Das zweite Gesicht

Naam Overig in Tekst

Jehannes Janke    Jehannes Janke   

Jehannes de Jong    Jehannes de Jong   

Janke    Janke   

Japik Hoeksma    Japik Hoeksma   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Boppewei    Boppewei   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21