Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ121505

Een sage (mondeling), donderdag 06 september 1979

Hoofdtekst

Antsje Grupstra seach alle dingen foarút. Hja seach in skip op it lân, dêr soe letter in feart komme.
Hja stjûrde skoppenboer nei de kroech ta, dan kaem der in flesse mei drank werom. Dy flesse sweefde. De doar gong fansels iepen, en de flesse kaem der al draeijende yn. As dat gebeurd wie, dan wie se alhiel fan 'e kaert.
Hja wie mei de helm geboaren. hja seach alle bigraffenissen út 'e omkriten foarút, mar hja hoefde der net ôf.
Soms seach se ek deaden. "Sjoch," sei se, "dêr is dyselde èk. Dy is út syn grêf opstien." Dan wiisde se him mei de finger oan, mar in oar seach neat. Dan sei se: "Mast mar ris even oer 't linker skouder hinne sjen." Dat sei se tsjin har man. "Dan kinst it èk sjen", sei se.
"Sjoch," sei se tsjin har man, "mast even oer side gean, hwant dêr komt hwat oan. Dochst it net, dan bist forlern."
It hountsje fornaem ek altyd as der hwat wie. Dat waerd dan bang. Hja en 't hountsje seagen it beide.
Hja hat de bigraffenis fan har eigen bern foarút sjoen.

Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

Een helmdraagster krijgt vaak voorgezichten van allerlei gebeurtenissen, bijvoorbeeld sterfgevallen. Dezelfde vrouw kan ook een fles drank tevoorschijn laten komen met een schoppenboer.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1215, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

6 september 1979
Das zweite Gesicht & SINSAG 0685 Pikbube als Helfer & TM 2901: Helmdragers

Naam Overig in Tekst

Antsje Grupstra    Antsje Grupstra   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21