Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122002

Een mop (mondeling), zondag 09 september 1979

Hoofdtekst

't Wie yn 'e oarlochstiid en dêr wienen in stik of hwat poepen by in dokter ynkertierd. Dêr flak foaroer wenne de doomny, en dy hie ek al in stik of hwat poepen yn 'e hûs.
Se hienen allebeide in papegaei, de dokter en de doomny.
De fammen praetten faek mei elkoar en sa kaem de faem fan 'e dokter to witten, dat de papegaei fan 'e doomny altyd sei: "Laat ons samen danken."
Dy fan 'e dokter fortelde oan 'e faem fan 'e doomny: Ús papegaei seit altyd: "Hitler is dood."
As de soldaten jouns thúskamen, seinen se: "Hitler is dood" en dan sei de papegaei prompt: "Hitler is dood."
Dêr woenen de fammen ris in grap mei bileve. De papegaeien wienen krektengelyk, dat doe wikselen se de beide dieren op in dei om.
Dy jouns kamen de poepen wer thús by de dokter. Se gongen foar de kouwe fan 'e papegaei stean en ien sei: "Hitler is dood."
Doe sei de papegaei fuort dêrop "Laat ons samen danken."

Onderwerp

VDK 0237D* - "Hitler is dood!"    VDK 0237D* - "Hitler is dood!"   

Beschrijving

Een papegaai van een dominee en een papegaai van een dokter zeggen respectievelijk 'Laat ons samen danken' en 'Hitler is dood'. De huishoudsters van de dominee en de dokter willen eens een grap uithalen en wisselen de vogels om. Als een soldaat die bij de dokter inwoont de papegaai de bekende woorden 'Hitler is dood' voorzegt, zegt de vogel prompt 'Laat ons samen danken'.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1220, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

9 september 1979
"Hitler is dood!"

Naam Overig in Tekst

Hitler    Hitler   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21