Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122106

Een mop (mondeling), vrijdag 17 augustus 1979

Hoofdtekst

De bern yn skoalle krigen fan meester de opdracht, hja moesten in sprekwurd opskriuwe. Hja mochten sels wite hwatte. De iene skreau op: Oost, West, thuis bêst; in oaren: Zoals het klokje thuis tikt, tikt het nergens. En sa gong dat mar troch. Mar der wie ien jonkje by, dy tekene yn 'e hoeke fan 't skrift in parmantich keardeltsje, dy't wol hwat fan 'e meester wei hie.
Meester kaem bylâns om de sprekwurden to lêzen.
Doe sei er tsjin dat jonkje: "Hwer is dyn sprekwurd, jong?"
De jonge sei: "Dêr stiet it." En hy wiisde nei dat mantsje yn 'e hoeke fan 't skrift.
"Hwatte?" sei meester.
"Ja," sei it jonkje, "dêr stiet it: in ûngelok sit yn in lyts hoekje."
Meester waerd lulk, hwant hy seach himsels yn dy tekening. Dat hy gong nei 't hoofd fan 'e skoalle ta en helle dy der by.
Mar yn dy tiid tekene it jonkje der noch in keardeltsje by. Doe't de beide meesters togearre delsetten kamen, sei de ûndermaster lulk: "Hwat hast nòu dien?"
De jonge sei: "Ik haw der noch in sprekwurd by set:
In ûngelok komt noait allinnich."

Beschrijving

Een schoolmeester geeft de kinderen de opdracht een spreekwoord op te schrijven. Een jongetje tekent in de hoek van een blad een klein mannetje dat op de meester lijkt. De jongen zegt dat hij 'Het ongeluk zit in een klein hoekje' heeft verbeeld. De meester wordt boos en schakelt het hoofd van de school in. In de afwezigheid van de meester tekent het jongetje nog een mannetje op het blaadje. Als de meester hem vraagt wat hij gedaan heeft, zegt het jongetje 'Het ongeluk komt nooit alleen'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1221, verhaal 6 (archief MI)

Commentaar

17 augustus 1979

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21