Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122208

Een mop (mondeling), donderdag 16 augustus 1979

Hoofdtekst

Ik arbeide yn 'e polder en kaem winterdeis faek by de slúswachter. Dêr kofjedronk ik dan. Dat ha 'k 25 jier lang dien. 't Wie hjir yn Garyp.
Op in kear sei de slúswachter tsjin my, doe't ik krekt wer opstappe soe: "Bliuw even sitten. Dêr komt Marten Fink oan, dy kin 't moai fortelle. Bliuw even sitten."
Doe't dy der yn wie, sei er: "Wyst ek noch hwat, Marten? Hast ek hwat bileefd?"
Marten sei: "Ik ha woansdei in rare loop makke, jong."
"Hwatte?"
"Dat sil 'k dy fortelle. It wie moai waer woansdei, dat ik tochte, ik wol even to fiskjen. Dat ik sette op 'e mar ta. En dêr fong ik in fiskje. Ik tocht: sjesa, ik wol sjen dat ik dêr in snoek mei fange kin. En wrachtich heite, dêr raemde in snoek it fiskje. Ik woarde dêr sa kjel fan dat ik tûmele bûten board. Dat like net sa bêst, mar ik hie 't gelok, ik kaem strampel op 'e snoek tolânne. Hwat wie my dat in grouwen-ien. Hy hie in kop as in interbolle, en in rêch as in 3-jierrich hynder, jonge. Hy wie sa glêd as sjippe, mar ik sette him de hannen yn 'e kieuwen.
En doe gong it de mar oer", sei Marten, "de hiele dei (de Burgumer Mar). Dan wer ûnder wetter en dan der wer boven. Ik hoartte him mar yn 'e kieuwen, hwant ik tocht, ik moat net forsûpe. Dan kaem er wer hwat omheech. Sa ha 'k de hiele dei op 'e Mar tahâlden. It gong hyltyd mar wer de hiele Mar roun. En as er dan wer in fisk foar him hie, dan raemde er dy en wie 't krekt as klapte der in doar, sa sloech er de kaken op elkoar."
"Ik tocht," sei Marten, "wie 'k hjir mar wei. De jouns skeat er op nei Skûlenboarch. Ik wie in pear meter fan 'e kant ôf, mar ik weage it der op. Ik sprong der ôf en kaem oan 'e middel ta yn 'e modder. Ik klaude wer út 'e modder wei en spielde my hwat ôf. Doe brânden de lampen al. 't Wie al nacht, ik wie stiif fan 'e kjeld.
Ik kloppe dêr oan by in boat. Dêr kaem in âld mantsje foar, dy sei: 'Hwat ha wy hjir?'
Ik sei," sei Marten, "ik bin net dronken, mar ik haw in rare loop makke."
'Hwat is der gebeurd?' frege de âld man, 'kom mar even yn 't achterhûs. Ik ha hjir in kletstrochwiete keardel', sei er tsjin 't âld-minske. 'Dû meist wol gau in kopfol kofje mei brandewyn helje, hwant dy man is forklûme.'
"Ik hie gjin klompen mear oan, dy wienen yn 'e mar bilânne. Doe sei de man tsjin syn wyfke: 'Mochst wol sjen datst èk hwat droech guod foar him hast, hwant hy is stiif fan 'e kjeld.'
Ik krige hwat âlde klean oan fan 'e âld man en hy socht in pear âlde klompen op en doe bin ik mei myn wiete krous ûnder 'e earm nei Burgumerheide ôfset. Ik ha de âld man goed bitanke en de oare moarns ha 'k op 'e fyts de klean werombrocht."
Dit fortelde Marten Fink fan Burgumerheide dêr by de Gariper slúswachter oan ús togearre. Marten handele yn fruchten.

Onderwerp

AT 1960B - The Great Fish    AT 1960B - The Great Fish   

ATU 1960B - The Great Fish.    ATU 1960B - The Great Fish.   

Beschrijving

Een man vangt een enorme snoek en vaart op de rug van de snoek over het meer. De snoek blijft maar rondjes zwemmen, zowel onder als boven het water. Het lukt de visser van de vis af te springen en als hij weer op de wal staat merkt hij dat het al nacht is.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1222, verhaal 8 (archief MI)

Commentaar

16 augustus 1979
Bij Van der Kooi meer specifiek: The Great Fish 10: Man maakt rit op snoek.
The Great Fish

Naam Overig in Tekst

Marten Fink    Marten Fink   

Marten    Marten   

Gariper    Gariper   

Naam Locatie in Tekst

Garyp    Garyp   

Burgumer Mar    Burgumer Mar   

Mar    Mar   

Skûlenboarch    Skûlenboarch   

Burgumerheide    Burgumerheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21