Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122702

Een sage (mondeling), donderdag 20 september 1979

Hoofdtekst

Folkerts Antsje wenne op 'e Tike. Hja is wol 40 jier dea. Hja wenne oan 'e Susterwei op 'e Skieding. Elke saterdeijoun moest it minske nei Nyegea om boadskippen. Dêr hie se in great hekel oan, hwant dan moest se oer in brechje dat oer de Tykster feart lei en dêr spûke it. Dêr húsmanne de duvel.
Op in kear hie se wer nei Nyegea to boadskipjen [west], doe hie 't hwat ryklik let west. Hja wie in stikhinne oan 'e brêge ta, doe seach se dêr in gedaente midden op 'e brêge stean. Hja hie fuort yn 'e gaten dat dat net doochde. Hja wie deabinaud, mar sy moest der doch troch. Doe is se stadichoan oer de brêge gong wylst se it 'Onze Vader' mar steeds opsei. Doe hie dy gedaente samar ynienen fuort west. Hja hie neat wer fan him sjoen en doe is se rêstich nei hûs ta gien.
Hja hat it my sels forteld.

Onderwerp

SINSAG 0865 - Die Macht des Gebetes; Teufel kann mit seinem Opfer nicht an einem Betenden vorbeigehen.    SINSAG 0865 - Die Macht des Gebetes; Teufel kann mit seinem Opfer nicht an einem Betenden vorbeigehen.   

Beschrijving

Een vrouw is bang om over een bepaald bruggetje te gaan omdat de duivel daar zou ronddolen. Als ze een gedaante op de brug ziet staan, begint ze gauw het 'Onze Vader' op te zeggen. De duivel wordt door het gebed afgeschrikt en verdwijnt.





Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1227, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

20 september 1979
Die Macht des Gebetes; Teufel kann mit seinem Opfer nicht an einem Betenden vorbeigehen.

Naam Overig in Tekst

Folkerts Antsje    Folkerts Antsje   

Skieding    Skieding   

Tykster    Tykster   

'Onze Vader'    'Onze Vader'   

Naam Locatie in Tekst

Tike    Tike   

Susterwei    Susterwei   

Nyegea    Nyegea   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21