Hoofdtekst
Tamme Jits wenne yn in lyts húske op 'e Gariperheide.
('t wie myn oerbeppe, se wie berne yn 1835). Saterdei-jouns moest se altyd nei Garyp om boadskippen, earder wie der gjin jild. Har man moest earst thús wêze mei it wyklean. It wie in hiel ein rinnen nei Garyp ta, de heidepaedtsjes oer. Op in joun hie se ek wer to boadskipjen west. Hja roun fan 'e Inialoane in houtsjepaed del, doe kaem dêr in man achter har oan.
Dy helle har yn en sei: "Binne jo net bang, allinne sa let op in paed?"
"Och," sei se, "bang bin 'k oars net, mar se sizze dat dy Biesterfeld ek wer út 'e gefangenis wei is. Op dy keardel ha 'k it net stean." Hja praetten sa hwat troch togearre al rinnendewei. Doe't se oan har húske ta wie gong se by him wei. Doe sei dy oare tsjin har: "Nou kin ik jo fortelle dat jo mei Biesterfeld opstapt binne."

Onderwerp
VDK 1525Z* 36 - De vrouw en de dief   
Beschrijving
Een vrouw loopt alleen op een verlaten stuk land als ze ineens benaderd wordt door een man. Als de man haar vraagt of ze niet angstig is alleen op pad te zijn, zegt de vrouw dat ze alleen bang is voor de schurk Biesterveld die net weer uit de gevangenis vrij is. De man en de vrouw lopen een eindje samen op en als de vrouw bij haar huis is zegt de man 'Je bent met de schurk Biesterveld opgelopen!'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1227, verhaal 10 (archief MI)
Commentaar
20 september 1979
De vrouw en de dief
Naam Overig in Tekst
Tamme Jits   
Naam Locatie in Tekst
Gariperheide   
Garyp   
Inialoane   
Biesterfeld   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21