Hoofdtekst
In pear jongebazen kamen op in joune let in boerehûs foarby. Doe hearden se dêr gâns lawaei yn 'e hynstestâl. Se tochten: hwat mei dat wêze. Hja dêr hinne en doe seagen se in frommes op in hynder. It wie in nachtmerje. De iene jonge waerd binaud en gong fuort. Mar de oare bleau stean en woe sjen hwat dêr gebeurde. Doe't de nachtmerje him gewaer woarde, fleach se mei 't hynder troch de muorre hinne. Har earmtakken hie de jonge lêst sjoen en dêr wienen de printen noch fan op 'e muorre to sjen.
Onderwerp
SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.   
Beschrijving
Een stelletje jongelui hoort doffe dreunen in de paardenstal. Als de jongens gaan kijken, treffen ze een vrouw - een nachtmerrie - op het paard aan. Als de nachtmerrie één van de jongens ziet, vliegt ze met paard en al door de muur.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1229, verhaal 12 (archief MI)
Commentaar
27 september 1979,
Begegnung mit Mahr.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
