Hoofdtekst
Yn Surhuzum, dêr ha guon it hillich nachtmiel fierd yn 'e kroech. Fiif man wienen oanwezich. Alle fiif hienen se de jas omstrûpt oan. En hja wienen mei de bleate holle. (Gewoanlik hâlden se yn 'e kroech de petten altyd op.)
Der wie in boer dy't de lieding op him naem.
Se binne raer thús kaem, alle fiif, hwant it wie spotten tsjin it Opperwezen. Mar de boer dy't de lieding hie, is 't it raerst ôfgien. Hy kaem letter noait wer op 'e lappen.
Hy roan noait fierder as it twadde hûs. En 't wie dochs noch in jonge keardel.
Hy wenne in stikje lân fan 'e wei ôf. Syn dochter moest de bussen fan 'e wei ôfhelje. Hy doarst it net mear. Hy doarst dêr net oan ta to kommen.
Nei ôfrin fan it nachtmiel wienen alle fiif tagelyk fuortgien. Ek dy boer wie thúskaem, mar hy wist letter net mear hoe.
Hy lei op 'e rêch yn 'e gong. Sa ha se him foun. Hy is minskeskou woarn. (Ien fan dy fiif wie Wopke Oldenburger.)

Onderwerp
SINLEG 0246 - Hostienschänder (Spötter, Nachahmer der Messe) gestraft (erschreckt).   
Beschrijving
Vijf zondaars die het heilig avondmaal imiteren worden op weg naar huis onder handen genomen omdat ze het Opperwezen bespot hebben. De zondaar die de leiding had is er het ergst aan toe.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1230, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
17 september 1979
Hostienschänder (Spötter, Nachahmer der Messe) gestraft (erschreckt).
Naam Overig in Tekst
Wopke Oldenburger   
Naam Locatie in Tekst
Surhuzum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21