Hoofdtekst
Yn Reitsum wie 't de gewoante dat de frijers samar ûnforwacht snein-to-jouns by in boerefaem kamen. As it min waer wie, kamen der soms wol ris in stik of fiif dy't gading makken. De boer hie der in hekel oan hwant it koste him sigaren en kofje en koeke.
Deselde fan 'e feinten dy't it earst yngetten waerd, dy mocht bliuwe om by de faem op to sitten. De oaren dy't dat fansels wol seagen, kroasken dan yntiids ôf.
Yn Moune-ein (en ek yn Wierum) wie 't de gewoante by 't simmer de útdoar iepen to hâlden. As de faem in feint hie dy't krekt kaem wie en hy wie wolkom, dan waerd der in skjinne dweil oer de iepen doar hong. Wie der in boppe- en in ûnderdoar, dan bleau de ûnderdoar ticht, de dweil hong dan oer de boppe-doar. Dat bitsjutte safolle foar de oare frijers dy't nóch kamen dat de faem forsjoen wie. Hwa't nei achten kaem, moest foar tsienen wer fuort.
Wie in feint net wolkom, dan waerd him kofje yn in blau reauke ynskonken.

Beschrijving
In een bepaalde plaats is het de gewoonte dat op zondagochtend vrijers hun opwachting maken bij boerenmeiden. De jongen die het eerst binnenkomt, mag blijven om met de meid kennis te maken. In een andere plaats wordt in de zomer de buitendeur open gehouden om vrijers te ontvangen. Als een meid als 'voorzien' is, wordt er een schone dweil over de open deur gehangen. Als er een boven- en onderdeur is, wordt de dweil over de bovendeur gehangen. Als je als vrijer na achten komt, most je voor tienen weer weg zijn. Een vrijer die niet welkom is wordt koffie in een blauw kopje geserveerd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1230, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
17 september 1979
Naam Overig in Tekst
Moune-ein   
Naam Locatie in Tekst
Reitsum   
Wierum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21