Hoofdtekst
Bontsje Knjillis (Veenstra) wie in broer fan pake Fokke. It wie dus myn âldomke. Dy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch moest er alles sjen.
Hy seach altyd lykstaesjes en hast altyd by nacht.
Dan siet de duvel him achter. Dan lei er op bêd, mar hy moest er ôf. Fral winterdeis hied er dêr in ôfgrysliken hekel oan. Dan woe er net fan bêd ôf. Mar hy mòest. Dan wachte er soms to lang. Dan moest er rinne om op tiid op 't plak to kommen. Dan stie it swit him op 'e holle. Dan hied er soms allinne noch mar in ûnderbroek oan en in pear sokken. Mear tiid hie er net. Hy hie in lot! Doe't pake Fokke stoar troch in kronkel yn 'e term, kaem syn broer Bontsje Knjillis by beppe om har to kondolearjen. Hy sei tsjin beppe: "Der sil gâns folk komme." Doe neamde er in namme. "Dy komt èk," sei er, "mast der mar om tinke. Dy giet by de skoarstienmantel stean en leunt dêr mei de earm op. En dy biedt m_ in stoel oan."
By de bigraffenis sei er tsjin beppe: "Sjochst nou wol?" It wie krekt sa útkaem lyk as hy sein hie. Hy hie alles al fan tofoaren sjoen.
Hy hie it lang net maklik.
Yn 'e parrebeam hat er him letter ophong.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een man krijgt voorgezichten omdat hij zijn ziel aan de duivel heeft verkocht. Hij voorziet 's nachts vaak sterfgevallen in passerende lijkstoeten. Hij wordt door de duivel uit bed gedreven om de lijkstoet te zien. De helderziende voorspelt ook precies hoe de begrafenis van de vader van de verteller zal verlopen. De man heeft zich later opgehangen aan de perenboom.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1232, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
13 oktober 1979
Das zweite Gesicht en SINSAG 0481 Leichenzug gesehen
Naam Overig in Tekst
Bontsje Knjillis   
Veenstra   
Fokke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21