Hoofdtekst
Nei dy tiid wie er deabinaud. Hja moesten him altyd nei hûs bringe as it donker waerd.
Hindrik van der Veen ha se ek in kear fan 'e wei ôf smiten. Dat wie op 't eintsje wei fan Rienk bakker nei de Mûzegroppe. Se ha noait ien sjoen dy't it die.
Wibe Alma is sa ek ris smiten woarn. Dat wie ek in hiele raren-ien.
Hindrik Holthuis wie in spotter en flokker. Hy is troch de duvel smiten woarn. Hy wie der doe slim oan ta en is kreupel bleaun. Mar doe is er bikeard. Hy waerd in trou tsjerkegonger en waerd grifformeard.
Mike Ruerd wie in timmerman. Dy kaem op in joun fan 't wurk. 't Wie in raer ûnforskillich man. Hy kaem fan 't Bomkleaster en moest de houtsjepaden lâns. Op ien fan dy houtsjes stie in frommes, dat skattere as in ekster. Dy smiet Ruerd in ein fuort. Se ha him mei de karre ophelle, sa min wie hy der oan ta.
Al dizze minsken wennen yn 'e Harkema. Se binne allegearre smiten woarn.
Onderwerp
SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Rinse de Wind   
Sytse Jager   
Rienk Bakker   
Hindrik van der Veen   
Rienk   
Mûzegroppe   
Wibe Alma   
Hindrik Holthuis   
Mike Ruerd   
Ruerd   
Naam Locatie in Tekst
Wytfean   
Bomkleaster   
Harkema   
