Hoofdtekst
Der wie in jonge, dy wenne by in boer as feint, mar hy hie 't dêr sa min as strie. Fleis of spek krige er omtrint noait. Allinne as der in dea laem of in deade bigge wie dan waerden dy slachte en dy ieten se dan op en in inkelde kear ek wolris in dealûker fan in kou. It wie altyd as der hwat fan 't jongfé dea wie, en dat gebeurde fansels net botte faek.
Doe op in kear stoar de âlde skoanmem. Doe waerd de jonge binaud. Hy sei tsjin 'e boer: "Nou wol 'k fuort." De jonge reizge in ein fierder en dêr seach er in boerepleats stean. Hy tocht: Dêr mat ik mar ris op los, ik mat doch wer oanslach ha. Hy rint dêr om 'e skuorre hinne en dan sjocht er achter it bûthús in arbeider stean, dy is dêr oan 't hekkeljen yn 'e jarrekolk.
Doe sei dy jonge: "Hwerom hekkelje jo? Is der soms hwat yn fallen?"
't Wie de arbeider. Dy sei: "Fan 'e moarn is myn jas yn 'e jarrekolk fallen, dêr hekkelje ik om."
Doe sei de jonge: "Dat is doch net sa slim wol, sa'n âld bleek jaske; is it de muoite wurdich om dat wer op to hekkeljen?"
Doe sei dy arbeider: "Dat kinstû wol sizze, mar dat jaske, dêr siet myn kofjebrochje yn."
Doe tocht dy jonge: "Hjir mat ik mar hurd wei, hwant dit is leau 'k noch minder as in dead âld wiif."

Onderwerp
VDK 1321Z* - Toen de grootmoeder stierf   
Beschrijving
Een boerenknecht ontvlucht zijn baas omdat hij bang is dat de gestorven schoonmoeder van de boer opgegeten zal moeten worden. Als bij een andere boer een arbeider alles op alles zet om zijn boterham voor bij de koffie uit de gierkolk te vissen, besluit de knecht dat het daar al niet veel beter van eten en drinken is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1238, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
15 januari 1980
Toen de grootmoeder stierf
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21