Hoofdtekst
Hjir yn 'e Mouneein wennet in jonge, dy is nou sa'n 20 jier âld. Dy jonge sjocht soms de dea fan 'e minsken foarút. Men seit wol, sa'n ien is mei de helm geboaren. Hy hie in broerke, dat wie in mongoaltsje. Dat jonkje wie twa jier âld, doe sei dy jonge tsjin syn mem doe't dat bern jierdei wie: "Mem, dit is syn lêste jierdei." It kloppe presys. Datselde jiers is it bern stoarn. En dochs wie it net siik. De jonge hie 't sjoen. Dat is nou sahwat trije jier lyn.
Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een helderziende jongen (met de helm geboren) voorspelt dat zijn broertje gaat sterven. De voorspelling komt uit. De jongen ziet wel vaker sterfgevallen vooruit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1240, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
24 oktober 1979
Das zweite Gesicht & TM 2901: Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Mouneein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
