Hoofdtekst
Der wie in man, dy moest even in boadskipke dwaen. Hy giet achter in beam stean, mar wylst er dêr sa stiet komt der in wesp oan dy't him yn 'e lytse man stekt. De man is deaforlegen, hwant de lytse man set bot op.
Der stopt tafallich in auto en de man freget de hear dy't yn 'e auto sit oft er ek rie foar him wit.
"Jo treffe it," sei dy mynhear, "ik bin dokter. Lit mar ris sjen."
"Ja," sei er, "dêr is net folle oan to dwaen. It bêste sil wêze: der mei yn 'e sûpe."
Doe gong de man nei in buorkerij ta en frege dêr de frou om sûpe. Hy krige guon en gong der mei yn in hoekje stean wylst er syn opsette lul der yn dompele.
De frou fan 'e boer wie nijsgjirrich woarn en woe witte hwat er dêr die, dat sy seach alris even om 't hoekje.
Doe sei se: "Och heden, dat ha 'k noait witten, dat jimme him sà wer fulden!"

Beschrijving
Als een man achter een boom plast, wordt hij in zijn penis gestoken door een wesp. De dokter raadt de man aan de opgezwollen penis in de soep te hangen. Als hij bij een boerderij een kom soep krijgt, volgt hij de raad van de dokter op. De vrouw ziet wat de man doet en zegt 'Ik heb nooit geweten dat jullie hem zo weer vulden!'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1252, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
vóór 1970
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21