Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ125408

Een sprookje (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Us heit hiet fan Foppe Hoekstra.
Op in kear koed er hwat erve. Dat wie yn Eastemar of sa. Hy wie doe noch jong. It sil sa'n tachtich jier lyn west ha. Heit hie syn erfdiel ophelle en stuts ûnderweis oan, doe't er op wei wie nei hûs ta.
By dat kroechje wie hwat bosk en dêr roan in sleat troch hinne. Om my wie 't op 't Wytfean.
Heit wie rinnende.
Doe't er wer op stap gong, setten twa keardels him achternei. Sy roannen hurd. Heit tocht: "Hoe mat ik dit ha om dy beiden to ûntkommen." Hwant hy hie wol yn 'e gaten, dat it rovers wienen, dy't it op syn jild gemunt hienen.
Doe seach er in skou oan 'e kant fan 'e wei lizzen. Dy lei omkeard. Heit tochte: "Dêr krûp ik ûnder." En dat died er.
Doe hearde er dy twa rovers tichterby kommen. Hy hearde dat de iene tsjin 'e oare sei: "Hwer is er nou bleaun? Is er ús nou doch noch ûntkom?"
Doe gongen se op 'e omkearde skou sitten.
En heit hearde, dat de iene syn pipe op 'e skou útkloppe. It duorre in moai skoftsje, dat se dêr sa sieten. Doe gongen se fuort.
Heit bleau earst noch in skoftsje stil lizzen.
Doe loerde hy us ûnder 'e boat troch. Mar hy seach neat mear. Doe sei er by himsels: "Ik rin nei hûs."
Hy is sa hurd nei hûs ta roan, dat it bloed stie him yn 'e skuon. Hy wenne oan 'e Spekloane yn Boelensloane. Heit wie doe noch net troud en wenne by syn âlden yn 'e hûs.

Onderwerp

VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot    VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   

Beschrijving

Een man die net een erfdeel opgehaald heeft wordt plotseling achtervolgd door twee mannen. Omdat hij vermoedt dat de mannen het op zijn geld voorzien hebben, verstopt de man zich onder een omgekeerde boot die aan de kant van de weg ligt. De twee mannen - inderdaad rovers - nemen uitgerekend plaats bovenop de boot om de komst van hun slachtoffer af te wachten. Als de rovers het na een tijdje opgeven en vertrekken, durft de man pas weer tevoorschijn te komen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1254, verhaal 8 (archief MI)

Commentaar

?
De man onder de omgekeerde boot

Naam Overig in Tekst

Foppe Hoekstra    Foppe Hoekstra   

Naam Locatie in Tekst

Eastermar    Eastermar   

Wytfean    Wytfean   

Spekloane    Spekloane   

Boelensloane    Boelensloane   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21