Hoofdtekst
Jan Hepkes koe prachtich fortelle. Ik wyt noch, dat er us fortelde:
"'t Wie winter en der lei in dikke laech iis. Ik wie oan 't riden, 't wie al let yn 'e joun. Doe stie dêr ien oan 'e kant. Ik hâldde stil.
- Matte jo noch in ein? -
- Ja - sei er, - in hiel ein, mar ik bin sa út 'e liken, dat ik kin net in streek mear sette. -
- Dan mar achter my oan, - sei 'k.
- Man, dat kinne jo net dwaen, hwant dan mat ik my lûke litte. -
- Dat sille wy noch us sjen, - sei 'k.
Dat de man heakke oan en ik sette ôf.
Woeps - sa gong it - wy fleagen der oer. Alles stouden we foarby.
Doe fornom ik hwat oan myn iene reed.
- Even wachtsje -, sei 'k.
Hwat wie 't gefal? Der miste in heal izer ûnder de iene reed wei. Dat hie al in skoft sa west.
Ik sei tsjin 'e man: - Nou, dat jowt neat. Wy geane der like fleurich om fierder -
En woeps, dêr gong it fierder, mei sa'n feart, dat wy fornommen net iens, dat wy togearre oer in slús hinnesprongen."

Beschrijving
De snelle schaatser Jan Hepkes spoedt zich samen met een kameraad met enorme snelheid over het ijs. Jan verliest een ijzer van zijn schaats, maar rijdt gewoon verder. Het tweetal springt ook nog over een sluis heen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1257, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
?
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
Jan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21