Hoofdtekst
De Potifar's woarden se neamd. Sy wienen ôfgryslike sterk.
Wy wienen fan dy skoaljonges. Doe kommen der trije ûngetiders fan 'e Harkema oan. Dy soenen nei de klaei ta to ûngetiidzjen. Alles gong doe noch tofoet. Wy as jonges der achteroan, hwant de trije man seagen der hwat fremd út. Ien hie in swart huodtsje op en ien hie in brún jaske oan.
Doe kom Taeke van der Meer der oan. Dat wie in jonge fan sauntjin jier. Hy wie in soan fan Sweitse van der Meer. Ien fan 'e mannen fan 'e Harkema roan dy jonge om. Mar Taeke pakt dyselde keardel en smyt him yn 'e hage. Doe krige in oaren fan 'e Harkema it mes en rekke de jonge dêrmei yn 'e earm. Dat blette nochal hwat en de jonge wie machteloas. Hy naeide út. Hy roan nei Bonnema ta, de weinmakker. Dy forboun de wonde.
Mar de beide omkes fan de jonge, Folkert en Melle van der Meer setten gau achter de ûngetiders oan. Sy krigen se en sy brochten se as wie 't in harmoanika mei de hollen nei elkoar ta en dan wer fan elkoar ôf. Sy boarten der mei as wienen 't kegels. Doe nommen se de trije ûngetiders mei nei Durk Bonnema, dêr't de jonge knaep forboun woarde.
Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Van der Meer   
Potifar's   
Taeke van der Meer   
Taeke   
Bonnema   
Folkert   
Melle van der Meer   
Melle   
Durk Bonnema   
Naam Locatie in Tekst
Meer   
Sumar   
Harkema   
