Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ126701

Een sprookje (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der kaem in omrinder op in buorkerij. 't Wie tsjin 'e nacht. Hy moast ûnderdak ha. Sûnder dat er sjoen wurdt slûpt er de skuorre yn en jowt him del yn 't hea.
Yn 'e nacht wurdt er wekker. Der komt ien mei in skynfet oan, dy giet nei de lege golle ta. 't Wie de boer, dy't in protte jild by him hie.
Hy makke in gat yn 'e golle en dêrnei yn 'e groun. Dêr stoppe er it jild yn. It gat yn 'e groun smiet er ticht en it hea kom der wer boppe op.
Doe sei er: "Hjir duvel, hast it yn dyn biwaer salang as der in trijeskonkte bok oer rint."
De omrinder yn 't hea hie alles heard en sjoen.
De âld boer kom to forstjerren en der kommen oare minsken op it spul to wenjen, mar dy gongen der ridlik gau wer wei. En sa gong it krektlyk mei de opfolgers. Gjin minske koe dêr lang bankje, hwant it spoeke dêr freeslik.
Sy tochten dat der wol jild yn 'e groun sitte soe. En sy hienen ek al us in kearmannich oan it dollen west. Mar sy hienen noait hwat krigen. Wol stietten se op hwat hurds mei de lodde, mar dat sakke altyd djipper wei yn 'e groun.
Doe op in kear kom de omrinder dêr.
Hy sei: "Woenen jimme graech bifrijd wurde fan it spûkjen."
Dat woenen se o sa graech fansels.
"Mei ik dan as bileanning de skat hâlde dy't der yn 'e groun sit?"
Ja, dat hienen hja der wol foar oer.
"Goed", sei de omrinder, en hy helle in wite bok op. Dy sloech er ien fan 'e poaten ôf en doe liet er it beest oer it plak springe, dêr't de skat yn 'e groun siet.
Fuort dêrnei bigong er to dollen en it duorre net lang of hy hie it jild to pakken.
Sûnt wie it mei it spûkjen dien.
Mar de omrinder wie in man mei jild woarn.

Beschrijving

Een landloper die overnacht in een hooischuur ziet een boer een schat begraven. De boer stopt de schat in de grond, zeggend 'Hier, duivel, hou dit in bewaring totdat er een driepotige bok overheen rent'. Als de boer sterft, komen er steeds andere mensen op de boerderij te wonen. Niemand houdt het lang uit op de boerderij omdat het er vreselijk spookt. Diverse mensen proberen tevergeefs de schat op te graven. Als dezelfde landloper de boerderij weer eens bezoekt, biedt hij aan de spokerij weg te nemen in ruil voor de schat die in de grond zit. De landloper hakt een poot van een witte bok af en laat het driepotige dier over de plaats waar de schat begraven werd springen. De landloper graaft kort daarop inderdaad de schat op en met het spoken is het gedaan.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1267, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

?

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21