Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ082603

Een mop (mondeling), maandag 14 september 1970

Hoofdtekst

Der wie ris in dûmny, dy wie o sa bang. Hy doarst jouns net iens allinne by 't tsjerkhôf lâns, sa'n skiep wie 't. Dan moest master altyd mei. Sa faek as er fralearen jaen moest oan 'e bern of oan 'e greaten by joun gong master mei. It tsjerkhôf hied er de greatste hekel oan, hwant dêr spoeke it.
Op in kear moest er dêr wer lâns. Mar doe sei master: "Ik kin jo net biselskipje, hwant ik ha 't oan 'e skonk. Ik kin net rinne."
"Dat hindert neat," sei de dûmny, "dan nim ik jo wol op 'e koop."
Mar dyselde jouns wienen der twa man op út om in skiep to stellen. It wienen in heit en in soan. De heit wie 't lân yn, wylst wachte de soan op it tsjerkhôf, dêr't se it skiep slachtsje soenen. De jonge paste op, of der ek ûnrie wie.
Doe't er dêr al in hiel skoft wachte hie seach er ien oankommen. It paed gong oer it tsjerkhôf hinne. Dyselde persoan roan hwat foaroer en hy hie hwat op 'e rêch, dat de jonge tocht net oars of it wie syn heit mei it skiep, dat er stellen hie.
Dat hy rint op de dûmny ta en strykt de master oer de rêch en hy seit: "Is er fet, heit? Is er fet heit?"
De dûmny wurdt sa ôfgryslike binaud dat hy seit: "Fet of net fet, mar dêr leiste." En hy smyt master oer de groun en naeit út sa hurd as er kin. (Dit verhaal is niet juist. Ik hoorde het vaak, met vele variaties, maar het was altijd de predikant, die gedragen werd J.)

Onderwerp

AT 1791 - The Sexton Carries the Parson    AT 1791 - The Sexton Carries the Parson   

ATU 1791 - The Sexton Carries the Clergyman.    ATU 1791 - The Sexton Carries the Clergyman.   

Beschrijving

Een bange dominee die 's avonds niet alleen langs het kerkhof durft te lopen, wordt op zijn tochten altijd begeleid door de meester. Op een keer heeft de meester het aan zijn been en kan hij de dominee niet vergezellen. De dominee is bereid de meester op zijn rug te nemen om maar niet alleen langs het kerkhof te hoeven. Juist diezelfde avond besluiten een vader en een zoon uit stelen te gaan. De vader gaat het land in om een schaap te stelen terwijl de zoon de wacht houdt. Op een gegeven moment komt de dominee eraan met de meester op zijn rug. De zoon - die in de veronderstelling is dat zijn vader nadert met het schaap op de rug - roept de dominee hierop toe: 'Is hij vet, pa?'. De dominee wordt zo bang dat hij de meester op de grond gooit en zich uit de voeten maakt. (Volgens Jaarsma is het verhaal niet juist omdat het altijd de dominee is die gedragen wordt.)

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 826, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

14 september 1970
The Sexton Carries the Parson

Naam Overig in Tekst

J.    J.   

Jaarsma    Jaarsma   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21