Hoofdtekst
To Stiensgea wennen twa bruorren, dy buorken togearre. Op in kear moesten dy beiden nei Surhuzum ta to melken. Dêr hienen se it fé rinnen. Sy wennen achter de Bosk. 't Wie doe noch in sânpaed, nou is it in forhurde wei. Hja sieten togearre op 'e wein.
Doe sweefde der samar ynienen in frommeske njonken har lâns. Sy sei neat en bleau de beide bruorren hyltyd mar op side.
Fuotten hie se net.
Doe't se oan 't melklân ta wienen, fordwoun se earst.
Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Hast wol sjoen hwa't it wie?"
"Ja," sei de oare, "'t wie de dochter fan Abraham Kats."
"Krekt", sei syn broer.
't Gebeurde op in moarn bitiid.

Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Twee broers worden plotseling opgeschrikt door een zwevende vrouw. De vrouw - die geen voeten heeft - blijft de twee mannen zwijgend vergezellen. De broers herkennen haar: het is de overleden dochter van iemand.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 829, verhaal 16 (archief MI)
Commentaar
2 juni 1971
Andere Tote spuken
Naam Overig in Tekst
Bosk   
Abraham Kats   
Naam Locatie in Tekst
Stiensgea   
Surhuzum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21