Hoofdtekst
To Surhuzum stie in buorkerij. Op in kear wienen se dêr mei elkoar oan 't iten. It wie doe de gewoante, dat se meiïnoar út ien panne ieten. Der woarden gjin boarden by brûkt. Se hienen meielkoar oer de jirpels gear west en dy wienen bihimmele, doe kom dûmny der yn. Doe soenen se oer de brij gear.
"Wol dûmny ek hwat brij mei ite?" frege de húsfrou.
Jonge ja, dûmny skikte mei oan en krige in leppel.
In skoftsje letter hie dûmny in hiele grouwe klute yn 'e mûle, dêr wie de man skjin forlegen mei.
De arbeider dy't der ek by siet, seach it en sei: "Hat dûmny dy klute nóu yn 'e mûle? Ik haw him der nyskes ek al yn hawn. Spij him mar wer yn 'e brij, hear!"

Onderwerp
VDK 1742A* - De kluit in de pap   
Beschrijving
De dominee schuift aan bij een gezin dat gewend is - zonder borden - rechtstreeks uit de pan te eten. Als de dominee een grote kluit in zijn mond heeft, weet hij niet wat hij ermee aanmoet. Een arbeider spoort de geestelijke aan de kluit gewoon terug in de pan te gooien: dat heeft de arbeider zelf ook gedaan toen die dezelfde kluit in zijn mond had.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 830, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
21 augustus 1970
De kluit in de pap
Naam Locatie in Tekst
Surhuzum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21