Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ083102

Een sage (mondeling), vrijdag 03 juli 1970

Hoofdtekst

Us pake ûngetide ris in kear achter Ljouwert. Hy slepte yn 'e skuorre. Doe sei de boer tsjin him: "Nou meije jo joun net yn dy golle lizzen gean, hwant alles hwat yn dy golle lizzen giet, dat stjert. Ik ha der al hiel faek in kealtsje yn hawn en dat is elke kear dea gong."
Pake sei: "Soks meitsje jo my net wiis, dêr leau 'k neat fan."
Doe sei de boer: "As jo it weagje, meije jo dêr fannacht wol sliepe."
"Ik weagje 't der op", sei pake.
Hy gong dêr de jouns yn dy golle lizzen, mar yn 'e nacht woarde er by de fuotten krige en út 'e golle weilutsen. Hy kom yn in oare golle tolânne.
De oare moarns doe't de boer fan bêd kom, sei er tsjin pake:
"Hoe hat it jo foldien yn dy golle?"
"Goed," sei pake, "mar jo ha my fannacht by de fuotten hawn." Hwant hy miende dat de boer dat dien hie.
Mar de boer woarde earnstich en sei: "Né." En hy woarde bleek.
Doe hie dy boer in kealtsje fangd en dat hied er yn dyselde golle dien. De oare moarns wie 't kealtsje dea.
"Nou kinne jo sjen, dat ik net liich", sei de boer tsjin pake.
Us pake woe net wer yn dy golle sliepe.

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Een boer raadt een knecht af in een bepaald hooivak te slapen omdat iedereen die in dat vak overnacht zou sterven. De knecht gelooft het niet en gaat gewoon in het betreffende vak slapen. De volgende ochtend is hij niet dood, maar wel aan zijn voeten naar een ander vak gesmeten. De knecht is van mening dat de boer hem te pakken heeft gehad. Als de boer laat zien hoe een kalfje in het vak sterft, is de knecht pas overtuigd.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 831, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

3 juli 1970
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21