Hoofdtekst
Op it Bomkleaster stiet in boereplaets, dêr wennen earen trije bruorren, Bindert Japiksjonges woarden se neamd. 't Wienen alle trije âld-feinten.
Us heit syn heit arbeide dêr en heit wie dêr lytsfeint. Sterke Hearke wie dêr ek arbeider.
Op in kear wienen se oan 't siedriden west. Doe wie 't gebeurd dat der noch in hiel dik foer sied bûtendoar stie. Dat moest noch yn 'e skuorre en lege wurde. Mar it wie sa'n grou foer, dat sy tochten: hoe krije wy dat yn 'e skuorre. It soe fêst kear fan 'e kezynen krije.
Doe sei ien fan Bindert Japiksjonges stikum tsjin 't folk: "Nou matte jimme hingje krekt sa bot as jim kinne, dan sille wy ris sjen hwat Hearke mâns is." Dat mocht Hearke net hearre fansels. Hearke stie allinne by 't tiksel.
Dat wylst Hearke oan 't lûken wie hongen de oaren oan 'e fjilden en woenen it foer keare.
Dêr gong de wein hinne. It skaefde noch by de kezinen, mar hy kom yn 'e skuorre.
Doe kom Hearke tofoarskyn en sei: "Dat koenen wy sa krekt meimankoar dwaen, mannen!"

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Hearke slaagt erin een volle wagen de schuur in te trekken.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 833, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
3 juni 1971
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Bindert Japiksjonges   
Sterke Hearke   
Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Bomkleaster   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21