Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ083304

Een sage (mondeling), donderdag 03 juni 1971

Hoofdtekst

Us heit syn heit hat by Bindert Japiks jonges oan 't dongmennen west. 't Wie altyd it gebrûk dat deselde dy't mende, dat dy de wein flak by de skerne brochte. Dat wie heit syn wurk. Hearke laedde.
Doe hie de lytsfeint tsjin heit sein: "Dû hoechst dy wein hyltyd net sa ticht by de skerne to lûken. Dat kin Hearke allinne wol dwaen; dy is sterk genôch."
Dêr hie heit it ear nei hingje litten, dat hy hie Hearke net holpen, sadat dy allinne de wein by de skerne lûke moest. Mar Hearke soe him wol ha. Hearke hie apart ark, dat mear mâns wie as 't normale; it wie ek sterker.
Doe hie Hearke de splitlod krige en trije stikken dong ôfsplit. Ien stik achter op 'e wein, ien stik midden op 'e wein en ien stik foar op 'e wein. Ien sa'n stik wie wol trije kroaden dong. Doe hied er wer trije sokke stikken ôfsplit, foar, achter en yn 'e midden. Doe trije stikken der bovenop, dy't it fêst hâlde moesten.
Heit soe 't foer dong fuortride, mar hy koe 't net út 'e dongskerne wei krije.
Doe kom de greatfeint der by. "Hwat is dit hjir?" frege er.
Heit sei: "Hearke hat sa'n protte dong op 'e wein set, dat de hynders it net lûke kinne."
"Dan hastû him dwarssitten", sei de greatfeint tsjin heit. "Dû hoechst gjin grappen mei Hearke to hawwen, dat wytst oars ek wol."
Doe hie Hearke de rêch tsjin 't achtersket fan 'e wein oanset en 't iene achterste rad optild. "Nou matte jimme de balke der ûnder lizze", hied er sein. Doe hie er 't oare achterrad optild, en dêr wie ek in balke ûnder kom. En sa hienen se ek in balke krigen ûnder de beide foarste râdden. Doe wie ûnder elk rad in balke. Doe hienen de hynders it lûke kind.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Sterke Hearke laadt een wagen zo vol met mest dat de paarden de wagen niet kunnen trekken. Hearke doet dit om een knecht terug te pakken die hem beetgenomen heeft. De paarden krijgen de wagen pas weer in beweging als Hearke balken onder de wielen heeft gelegd. Hearke plaatst de balken onder de wielen door de wagen op te tillen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 833, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

3 juni 1971
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Bindert Japiks    Bindert Japiks   

Hearke    Hearke   

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21