Hoofdtekst
It mat gebeurd wêze by Freark Oosterbaan yn Droegeham.
Dy wie dêr smid en hy hie der tagelyk in kroechje by.
Om 11 ûre moest de saek sluten wurde. Dan moest it folk der út wêze. Hearke wie stille plysje en moest dêr op tasjen. Mar Hearke seach net op in kertier, dat it woarde meastal wol eefkes letter.
Mar op in kear doe wie 't fòlle letter woarn, doe gong it oer de skreven.
Om yn 'e kroech to kommen moesten se earst troch de útdoar, dan troch in lyts portaeltsje, dan wer troch in doar en dan wienen se yn 't café. Dêr sieten doe allegear manlju en froulju yn. Op dy kear dat it al tige let wie, sei Hearke troch de doar dat hja moesten allegear by him lâns komme troch dat portaeltsje.
Hja doarsten net to wegerjen.
Doe hat er se allegear even by de earm hawn, sawol manlju as froulju.
Trije wiken letter hienen se nòch in pynlike, blauwe earm hawn.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Hearke - die behalve vreselijk sterk ook geheim agent is - verwijdert na sluitingstijd hardhandig kroeggangers. De kroeggangers hebben drie weken later nog pijnlijke, blauwe armen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 833, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
3 juni 1971
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Freark Oosterbaan   
Hearke   
Sterke Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Droegeham   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21