Hoofdtekst
Mem wist fan tofoaren dat se ús Minne forlieze moest. Dat hie se sjoen. Minne wie 19 jier doe't er stoar. Dêr hie mem it hiel bot mei to dwaen. Hja wie hast in bytsje forstandeloas, sa slim wie 't.
Krekt fóár syn dea sei mem tsjin him: "Is 't goed mei dy, Minne?"
"Jawol," sei Minne, "ik kom goed toplak."
Mar mem wie dêr net gerêst oer. Hja twifele der oan omdat Minne noait nei tsjerke ta gong. Hja siet der bot oer yn. Dat woarde sa slim, dat op 't lêst hie se hiele gesprekken op bêd.
Doe kom der ris in kear in stem by har. Dy stem sei, hy wie to plak, hja mocht him net wer bigeare.
"Hij slaapt de slaap des rechtvaardigen", sei dy stem.
Doe hat se har der by del jown.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een moeder voorziet dat ze haar zoon verliezen zal. De moeder legt zich erbij neer als een stem haar toespreekt. Het voorgezicht komt uit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 841, verhaal 9 (archief MI)
Commentaar
14 juni 1971
Das zweite Gesicht
Naam Locatie in Tekst
Minne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21