Hoofdtekst
Der wie in papegaei yn in skip. De skipper wie in tige rûch man, dy't it iene flokwurd nei 't oare brûkte.
Op in kear wie der in lek yn 't skip. Doe sei de skipper: "Pompe, bliksum." Dat sei er hyltyd mar wer, dat op 't lêst sei de papegaei it him nei en sûnt dy tiid klonk it altyd út syn bek: Pompe, bliksem! 't Wie him yn 'e bek bistoarn.
Dy skipper kom hwat yn 'e jildpine to sitten. Doe gong er nei doomny ta en hy frege him of er de papegaei keapje woe.
Dat gong oan.
Mar dy papegaei sei altyd mar: Pompe, bliksem!
Dat koe dy doomny net talitte. Hy woe him hwat oars leare.
Hy gong foar de papegaei stean en sei: "Hoe kan men zalig worden? Hoe kan men zalig worden?"
Hy herhelle dat in kear of hwat.
Doe sei de papegaei: "Pompe, bliksem!"

Onderwerp
VDK 0237C* - "Pompen!"   
Beschrijving
Een schipper had een papegaai. Op een keer was het schip lek, en een hele tijd achter elkaar zei de schipper: "Pompen, bliksem!" De papegaai zei de schipper dit na een tijdje na. Toen de schipper eens geldgebrek had, verkocht hij de papegaai aan een dominee. Die wilde het dier graag wat anders laten zeggen. Hij ging voor de vogel staan en zei: "Hoe kan men zalig worden?" De papegaai antwoordde: "Pompen, bliksem!"
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 845, verhaal 11
Commentaar
28 juni 1971
"Pompen!"
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21