Hoofdtekst
Der wie in wyfke oan 't pankoekbakken. Se wipte hyltyd de pankoek oer de kop, dan kom er moai op 'e oare kant to lizzen. Dat slagge har aerdich goed.
Mar it woarde har dêr to waerm fan dat pankoekbakken en dêrom die se 't glês iepen. En doe wipte se wèr in pankoek oer de kop, mar dy wipte troch 't glês. It wyfke soe him pakke, mar doe hie in baerch him yn 'e bek. Dy skuorde de pankoek dwarstroch. De iene helte iet er op, mar de oare helte hat er noait wer fine kind.
En nou siket dy baerch nòch altyd om dy heale pankoek. Dêr komt it fan dat in baerch altyd mei de snute yn 'e modder omwrot.

Onderwerp
AT 2025 - The Fleeing Pancake   
ATU 2025 - The Fleeing Pancake.   
Beschrijving
Een vrouw liet per ongeluk een pannenkoek door het raam vallen. Daarbij scheurde de pannenkoek doormidden. De ene helft kreeg het varken in zijn bek. Maar de andere helft kon hij nooit meer vinden. Vandaar dat varkens nog steeds met hun snoet door de modder wroeten.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 846, verhaal 11
Commentaar
30 juni 1971
The Fleeing Pancake
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21