Hoofdtekst
Der wie in man dy soe nei tsjerke ta. Underweis seach er in prachtige ein. Hy koe 't net litte om dy ein to fangen. Hy tocht: "'t Kin my neat skele, ik nim him mei ûnder 'e jas nei tsjerke ta. Dêr sjocht net ien hwat fan."
Doe rekke doomny oan 't preekjen en yn syn preek kommen de wurden - Ik zie hem - foar.
Doe't dy man dat hearde, tocht er: "Donders, hy sjocht myn einfûgel." Doe treau er him hwat mear nei ûnderen.
Mar even letter wie 't al wer: "Ik zie hem!"
Doe die de man de ein hwat fierder nei ûnderen. Hy tocht: hoe kin dat, dat er him nou nòch sjocht.
Fuort dêrnei sei doomny al wer: "Ik zie hem."
Doe knope de man de jas los en hy sei: "Ast him dan dochs sjochste, hjir hast him." En doe saeide er de ein nei de preekstoel ta.

Onderwerp
VDK 1833C* - "Ik zie hem!"   
Beschrijving
Een man kon het niet laten onderweg naar de kerk een eend te vangen. Toevallig zei de dominee in de preek meerdere keren: "Ik zie hem." De man dacht dat de dominee het over de eend had. Na de derde keer haalde hij het dier tevoorschijn en zei dat als de dominee hem toch zag, hij hem ook wel mocht hebben.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 849, verhaal 1
Commentaar
9 juli 1971
"Ik zie hem!"
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21