Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ085211

Een sage (mondeling), donderdag 17 juni 1971

Hoofdtekst

74 jier lyn wennen ús heit en dy yn 'e Kromme elle. Kromelle sizze se nou. 't Wie in kroechje flak by it Bomkleaster. 't Gong dêr altyd och sa raer. Snije en slaen, dat wie oan 'e oarder fan 'e dei. Mar 't fortsjinne der bêst.
As it snein wie gong heit moarns nei tsjerke en middeis stie er achter 'e tap. Dat like fansels nergens op.
It wie Jan-om, heit syn jongste broer, min nei 't sin. Hy sei tsjin heit: "Dit kin sa net langer. Satan hat hjir de hearskippij. Dû mast hjir wei."
"Ik gean hjir net wei", sei heit. "Ik fortsjinje hjir in protte jild."
Doe kom de tiid dat de kroech fannijs forhierd wurde soe. Der moest op bean wurde.
"Giestû der joun ek hinne?" frege Jan-om oan heit.
"Jawis gean ik dêr hinne," sei heit, "ik ha 't hjir bêst."
"Dan hoopje ik datst joun gjin lûd jaen kinste", sei omke.
Doe't it oan 't bieden ta wie koe heit neat sizze. Hy wie stom. Net in inkeld wurd koed er sizze, hoe graech er woe.
In oar hierde de kroech yn.
De oare deis sei omke tsjin heit: "Hast der hinne west? Hast it krige?"
"Wis ha 'k hinne west," sei heit, "mar ik ha 't net krige. Ik koe gjin lûd jaen."
Doe sei Janom: "Een krachtig gebed des rechtvaardigen vermag veel."
Janom hie op 'e knibbels lein to bidden dat heit dat net krige, dat it oergean soe.
God wie sterker as Satan.


Beschrijving

Een man zat zondagsmorgens altijd in de kerk en 's middags werkte hij in de kroeg. Toen de kroeg bij veiling verhuurd werd, wilde de man graag bieden. Maar zijn broer was hiertegen, vond het Satanswerk. Tijdens de hele veiling bad hij tot god, dat zijn broer niets zou kunnen zeggen. En god was sterker dan Satan, de man was niet in staat te bieden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 852, verhaal 11

Commentaar

17 juni 1971

Naam Overig in Tekst

Kromme elle    Kromme elle   

Kromelle    Kromelle   

Bomklooster    Bomklooster   

Jan    Jan   

Naam Locatie in Tekst

Bomkleaster    Bomkleaster   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21