Hoofdtekst
Op in kear wie heit mei myn beide bruorren oan 't wurk yn Surhústerfean. Myn broer Jehannes wie der èk by. Dy is nou 80 en wennet yn Drachten, de oare leeft net mear.
Der kom in nij tsjerkhôf op 't Fean, se wienen mei in sleat oan 't slatten. De modder woarde op 't tsjerkhôf brocht.
"Hwa't der ris yn dit kroadfol komt?" sa redenearren se.
Doe sei heit op in stuit: "Ik ha fannacht droomd."
"Ja?" seinen myn bruorren.
"Ja", sei heit, en hy suchte. "Ik bin bang dat wy jimme mem misse matte. Ik ha fannacht in lykstaesje sjoen by ús op it hiem."
Fuort letter wie heit sels dea (op 'e Poffert). Hy hie syn eigen lykstaesje sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een man zei tegen zijn zoons dat hij een lijkstoet had gezien, en dat hij bang was dat hun moeder binnenkort zou sterven. Niet veel later is hij zelf dood gegaan, het was zijn eigen lijkstoet die hij had gezien.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 864, verhaal 3
Commentaar
21 juli 1971
Leichenzug gesehen.
Naam Overig in Tekst
Jehannes   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Surhuisterveen   
Drachten   
Poffert   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21