Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ086415

Een sage (mondeling), woensdag 21 juli 1971

Hoofdtekst

teltsje:
Ik hie in kammeraet. Wy wienen beide like âld. Wy sieten yn 'e selde klasse by juffer. Deis gongen wy der togearre op út to knineblêdsykjen, ik en myn maet.
Ik hie in swart knyntsje, hy in wyt.
Op in moarntiid gongen wy togearre nei skoalle ta. Ik sei tsjin him: "Nou is 't net bêst, jong, nou ha se myn knyn stellen."
Wy sieten togearre yn skoalle. Myn maet liet de griffel falle. Dy griffel rolle in eintsje fuort, oan 't plak ta, dêr't de juffer siet. Hy liet him út 'e bank glide en krûpte oer de flier en pakte de griffel op.
Doe sei er sunich tsjin my: "Ik ha hwat sjoen."
"Hwat hastû sjoen?" frege ik.
"Ik ha dyn knyn sjoen", sei er. "Dêr't juffer har billen byelkoar komme, dêr sit dyn swarte knyn."
Doe liet ik de griffel èk falle. En ik seach it ek. 't Wie in swarte knyn. Mar ik sei tsjin myn maet: "'t Is myn knyn net."
"Né?" sei er.
"Né," sei 'k, "hy biweecht it bekje oars."

Beschrijving

Een jongetje vertelde zijn klasgenootje dat zijn zwarte konijntje was gestolen. Toen het klasgenootje die dag tijdens het bukken onder de rok van de juffrouw keek, zag hij daar het zwarte konijntje. Dit vertelde hij de jongen. Deze keek ook, maar zei dat het zijn konijn niet was. Die bewoog namelijk zijn bek anders.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 864, verhaal 15

Commentaar

21 juli 1971

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21