Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ086509

Een sage (mondeling), zaterdag 24 juli 1971

Hoofdtekst

Myn skoansuster Akke wie noch in famke. Se wenne yn 'e Westerein. Sy woarde siik.
Net sa fier fan skoanâlden ôf wenne in âld wyfke. As dy nei in winkel ta woe gong se altyd by skoanmem en dy oer 't hiem. Dan joech se Akke altyd hwat, soms in koekje, ek wolris hwat oars.
Doe't Akke dan siik woarde gong skoanmem nei de duvelbanner ta. Dat wie greate Wopke fan Kûkherne.
Mem sei: "Is 't forkeard spul, Wopke?"
Wopke woe der net rjocht foar út komme. Hy sei: "Och, fanke, dat wyt ik net."
Mem sei: "As it sa is, dan wyt ik wol hwa't it dien hat. En dan giet se der oan."
Mar 't âld-minske hat dêr noait wer in poat op it hiem set. Hoe wist se it, soe men sizze.


Beschrijving

De moeder van een betoverd meisje ging naar de duivelbanner. Die zei dat hij niet precies wist wat er was. Maar de vrouw die de moeder verdacht van de toverij is sindsdien nooit meer langs geweest.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 865, verhaal 9

Commentaar

24 juli 1971

Naam Overig in Tekst

Akke    Akke   

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21