Hoofdtekst
Der libbe in doomny dy wie tige froom. Op in kear soed er nei in siken ta. 't Waerd donker. Hy moest oer in houtsje.
Der wienen twa dy woenen him fan kant meitsje. Dy wisten dat hy nei dy sike ta soe. Sy seinen: "As wy nou yn 'e wâl lizzen gean, dan slaen wy him fan 't houtsje ôf. Dan komt er yn 't wetter tolânne en dan forsûpe wy him wol."
Sy sieten yn 'e wâl. Doe kaem doomny der oan. Mar hy wie net allinne. Hy hie ingels by him, dy wienen yn in ring om him hinne en hienen elkoar allegear by de hân beet. Krekt as woenen se doomny biskermje.
Letter binne dy beide mannen ta ynkear kaem. Doe ha se nei doomny ta west en him alles forteld. En hja ha him om forgiffenis frege.
Doe hat doomny har forteld dat er noait witten hat dat der ingels om him hinne west hienen, dy't him biskermen.

Onderwerp
VDK 0770A* - De engelenwacht   
sinVDK 0770A* - Die Engelwache   
Beschrijving
Twee mannen wachtten eens de dominee op. Ze wilden hem van kant maken. Maar toen de dominee langs kwam, had hij een ring van engelen om zich heen. Later kwamen de mannen tot inkeer, en hebben ze de dominee van hun plan verteld. De dominee had nooit geweten dat hij beschermd was door de engelen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 872, verhaal 8
Commentaar
7 augustus 1971
De engelenwacht
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21