Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ087303

Een sage (mondeling), zaterdag 31 juli 1971

Hoofdtekst

Sjoerde Durkje fan 'e Westerein hie in bern dat siik wie. Hja hie wol yn 'e rekken hwa't de tsjoenster wie. 't Wie in màn dy't se fortochte.
Hja gong foar 't bern nei Kûkherne ta en krige in drankje fan Wopke mei. Mar Wopke sei: "Dêr komt dy aenst ien tomjitte, dy wol 't drankje ûnbrûkber meitsje. Dû mast avanseare."
Durkje wie ien, dy koe hurd. By de brêge kom de man har yn 'e mjitte. O heden, tocht Durkje, as ik nou earst mar oer de brêge hinne bin. Hwant 't wie in hiel smel brechje, dêr koenen twa elkoar amper passeare. Gebeurde dat, dan bleau it fleske noait hiel.
Mar sy rette it op. Sy wie al oan 'e oare kant. 't Wie de keardel, dy't se fan tsjoenderij fortochte. Doe sette er har nei. Hy hie 't mar op 't drankje bigrepen. Hja koe him foar bliuwe. Hy hâldde oan, hy woe 't fleske ha.
Doe't Durkje thús wie die se fuort de doar achter har op 'e skoattel. Hy fleach by de doarren op om 't drankje. Mar hy koe der net ynkomme.


Onderwerp

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

Beschrijving

De moeder van een ziek kind ging naar de duivelbanner. Ze kreeg een drankje mee, en de waarschuwing dat op de terugweg iemand zou proberen het drankje onbruikbaar te maken. Op de terugweg werd de vrouw achtervolgd door de man die ze ervan verdacht haar kind betoverd te hebben. Ze liep heel snel en kwam veilig thuis.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 873, verhaal 3

Commentaar

31 juli 1971
Het drankje van de duivelbanner

Naam Overig in Tekst

Sjoerde Durkje    Sjoerde Durkje   

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21