Hoofdtekst
Op in moarn roan ús heit fan 'e Harkema nei 't Wytfean ta. Hy soe nei de boer ta to melken. Underweis soed er syn maet oanhelje. Dy wenne ek yn 'e Harkema en dy arbeide ek by in boer op it Wytfean.
Heit wie noch net oan dy man ta, doe kom der him ien tomjitte yn 'e berm. Heit sei: Goeije morgen, mar dy oare sei neat werom. Doe sei heit nochris Goeije morgen, mar de oare sei wer neat. Dit is in nuver spul, tocht heit, dêr wol 'k mear fan wite. Heit der achteroan.
It mes hie heit ta de bûse út lutsen en dat hâldde er klear. Mar hy koe dy oare net birinne. Dy oare sweefde. Dyselde hie gjin fuotten. Doe't heit sa in ein roan hie, skeat de oare by ien op it hiem en fuort wied er. Heit der achteroan, èk it hiem op. Hy die in slach om 't hûs hinne en doe seach er dy oare noch krekt even, mar doe wied er ek wer fuort.
Heit gong fan 't hiem ôf en helle syn maet oan. Togearre roannen se fierder, elk nei syn eigen boer.
't Wie op in snein-to-moarn, dat heit en syn maet hoefden allinne mar to melken. Doe't se weromkommen wie 't noch bitiid yn 'e moarn. It earste hwat heit ûnderweis die, dat wie nei it hiem ta, dêr't er dy forskining sjoen hie. Heit woe wite hoefolle fuotleasten of der wienen. Doe wienen der allinne syn eigen fuotleasten mar. Doe wie 't him dúdlik dat dy oare de groun net rekke hie. Mar hwat it west hat is er noait to witen kom.

Onderwerp
SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.
  
Beschrijving
Een man zag op een vroege ochtend een man in de berm. Op zijn groet antwoordde de vreemdeling niets. Die ging er snel vandoor, de man kon hem helemaal niet meer inhalen. Het leek wel of de vreemdeling zweefde, de man kon ook geen voetsporen van hem vinden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 876, verhaal 7
Commentaar
24 augustus 1971
Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.
Naam Locatie in Tekst
Wytfean   
Witteveen   
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21