Hoofdtekst
Us buorman wie frijgesel en wenne allinne. Alle nachten hied er in nachtmerje by him.
Hy wist ek wol hwa't it wie. 't Wie de dochter fan Ritske Vellinga. Dy kom troch 't kaeisgat by him yn 'e hûs.
By 't fuottenein kom se by him en sa gong se nei foaren ta. Dan gong se him op it boarst sitten en dan knypte se de hannen om syn hals hinne, dan smoarde er omtrint.
Hy gong hinne en struide moal op 'e tekkens, dat hienen se him oanret. Mar 't hat him neat jown.
Sy hienen him forteld, der wie nòch in man dy hie ek altyd lêst fan in nachtmerje. Dy hie moal op 'e tekkens struid en doe hie de nachtmerje net wer fuort komme kind. Hja hie de oare moarns op in roangear protsje yn in hoekje sitten en hja forgong fan 'e pine. Doe hat se forgeving frege en beloofd dat se net wer komme soe. En se hat der ek net wer west.
Nachtmerjes koenen har foroarje yn in swarte kat, krekt as de tsjoensters.
Nachtmerjes sitte ek wol op hynders. Moarns steane sokke dieren dan dweiltrochwiet fan it swit op 'e stâl. Hynders wurde ek wol mei moal bistruid.

Onderwerp
SINSAG 0291 - Mensch von Mahr beritten   
Beschrijving
Een man had vaak last van een nachtmerrie. Die kwam dan bij hem op de borst zitten en kneep zijn keel dicht. Hij strooide meel op zijn dekens, maar dat hielp niets.
Nachtmerries kunnen zich veranderen in een zwarte kat, net als heksen. Ook zitten ze wel op paarden. Die stonden dan de volgende dag nat van het zweet op stal.

Bron
Corpus Jaarsma, verslag 878, verhaal 5
Commentaar
1 september 1971
Mensch von Mahr beritten
Naam Overig in Tekst
Ritske Vellinga   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21