Hoofdtekst
Greate Kobus wie myn heit. Hy stuts in holle boppe de oaren út en hy koe ite as in slatter. Nachts gong hy der altyd ôf. Dan iet er in pear grouwe hompen roggebrea op, sûnder bûter. Dat mocht him net barre. As er dy broggen net krige kom er de nacht net troch, sa'n forlet hied er fan iten.
Heit wie och sa sterk. Mar 't wie faek in toer om oan iten to kommen. Yn syn earmoed hat heit in skoftlang to skoaijen roan.
Op in kear rint er troch Sumar. Doe wienen dêr in pear boeren mei hynstebislach by de smit. Dy boeren sizze: "Dêr komt greate Kobus oan. Wy kinne moai in grapke mei him ha." Doe praetten se ôf, Kobus soe in goune fortsjinje as er it ambyld fan 't blok ôfnaem, op 'e groun sette en dan wer op 't blok.
Dat nom heit oan, hwant in goune wie doe in grou stik jild, in heal wyklean. Dat ambyld woech 700 poun. Heit nom it fan 't blok en sette 't op 'e groun. En fuort dêrnei sette er 't wer op 't blok.
Mar mei 't opsetten forswikte heit it skouder. Hy hat dêrnei wol in healjier mei 't skouder nei dokter ta reizge.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een man was heel sterk, maar had ook altijd honger. In een arme periode bood een smid hem een gulden aan, als hij het aambeeld van 700 pond op de grond zou zetten, en daarna weer terug op zijn plek. Dat deed de man.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 882, verhaal 9
Commentaar
10 september 1971
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Greate Kobus   
Grote Kobus   
Naam Locatie in Tekst
Sumar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21