Hoofdtekst
Op in kear soe Ael nei Sumar ta. Sy roan de Pasterije-lannen del. Doe tocht se: Nou woe 'k wol, dat ik in dikke beurs mei jild foun.
Doe't [se] by 't trêdde stik lân kom, lei dêr in beurs mei jild foar har. En doe tocht se: Ja, mar dit komt net klear. Dit is fan 'e duvel.
Sy krige de beurs net op. Mei in bôge roan se der omhinne.
Mem fortelde: Age fan Evert Tsyske siet ergens to jounpraten. It gong dêr fleurich om en ta en der woarde drank by skonken. Doe kom it praet op neakene froulju. En doe sei Age: "Ik woe wol dat ik sa'n neaken frommes aenst tsjinkom."
Hy moest de houtsjepaden del fan 'e Gariper woaningstichting nei Gariperheide, dêr't er wenne. 't Wie yn 'e nacht, dat er werom gong.
En doe kom him ûnderweis in neaken frommes tomjitte. Dy har boarsten wienen fan fjûr.
Doe't er thúskom is er sûnder pet en sûnder klompen troch de foardoar hinne flein.
Beschrijving
Een man wenste eens een naakte vrouw tegen te komen. Maar toen dat inderdaad gebeurde, wist hij niet hoe snel hij thuis moest komen.
Bron
Naam Overig in Tekst
Bearne Ael   
Pasterije-lannen   
Pastorielanden   
Evert Tsyske   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Suameerheide   
Sumar   
Suameer   
Age   
Garyp   
Garijp   
Gariperheide   
Garijperheide   
