Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ089008

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Myn pake, greate Kobus (= K. v.d. Heide, mem har heit) wie tige sterk.
Sy skoaiden froeger in protte. Dat die pake ek. Op in kear hied er mei oaren to skoaijen west nei Aldegea. De giften bistienen faek út ierpels (= aardappelen) of twa sinten ofsa.
Al mei al hie pake dy kear in mudde ierpels opskoaid. Dy ierpels hied er yn in sek op 'e nekke lizzen. In mudde is twa kuorfollen, dat is 140 poun, dus dat liichde der net om! Mar hy stie foar sterk bikend.
Hy kom mei dy ierpels fan Aldegea ôf rinnen. Doe sprong ûnderweis Jelle Prefyt op dy mudde ierpels. Jelle wie in jongfeint fan in jier of achttsjin en dy hie altyd fan dy nuvere oanslaggen.
Doe't er dêr siet bleau pake even stean. Hy seach skean achter him oer 't skouder en sei: "Hwat ha jim rare kluchten by d' ein."


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Een sterke man heeft eens een heel eind met twee manden met aardappels gelopen.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 890, verhaal 8

Commentaar

Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Greate Kobus    Greate Kobus   

Kobus van der Heide    Kobus van der Heide   

Jelle Prefyt    Jelle Prefyt   

Naam Locatie in Tekst

Aldegea    Aldegea   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21