Hoofdtekst
Ik wie hjir ris in kear by de skearbaes yn Drachten. Dêr wie Ruerd ek. Ruerd wennet yn 't earmhus en hy is mei de helm geboaren.
De kapper wie mei my oan 't knippen. Ruerd mompele hwat yn himsels. Doe hearde ik dat er sei: "Ja, de oaljemoune is èk ôfbrând. Ik wist wol dat it gebeure soe. 'k Hie 't fan tofoaren al brânnen sjoen."
De minsken skodden de holle en laken hwat. Mar der is froeger hjir yn Drachten in oaljemoune opbrând.
Doe sei er noch mear: Ja, niis, ek, doe wie 't sa waerm, doe siet der in man dea op 'e kroade. Dat wie Schurer. Ja, dat wist ik de wyks tofoaren al." Hy hie dy dingen fan tofoaren sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een man was met de helm geboren. Hij zag altijd allerlei dingen vantevoren.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 890, verhaal 11
Commentaar
Das zweite Gesicht & TM 2901: Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Ruerd   
Schurer   
Naam Locatie in Tekst
Drachten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21