Hoofdtekst
Jehannes wie boerearbeider by Jelle Algra, dy't yn 'e greate plaets njonken de tsjerke to Sumar wenne. Alle moannen moest er dêr hinne rinne.
Hy hat my sels forteld hwat hy ris op in kear bileefd hat. Hy wie op in moarn op 'e Harsteloane - tusken 't Café fan Teunissen en de hoeke to Sumar, dêr't de wei opgiet nei Drachten ta. Doe kom der ien njonken him. Hy koe net sjen hwat it wie. 't Like op in dier, mar soms ek wol wer op in minske. 't Wie raer genôch, sa sit it al. Neffens Jehannes hat it de duvel west.
Jehannes fortelde: Ik sei tsjin him: "Morgen."
Doe sei dy oare neat werom.
Ik sei wer: "Morgen."
Wer sei er neat.
Op 't lêst sei 'k: "Kinstû, duvel, net prate? of wòlst net prate?"
Der woarde wer neat sein.
Doe woarde ik bang. En sa gong 't ek wer by my wei.
Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Jehannes van der Zee   
Skieding   
Jelle Algra   
Teunissen   
Naam Locatie in Tekst
Hearrewei   
Scheiding   
Welling   
Harsteloane   
Sumar   
Suameer   
Drachten   
