Hoofdtekst
It wie yn 'e oarloch. Myn suster Gees gong doe us in kear nei Ljouwert ta nei in wiersizter. Gees wie doe skeiden fan har man.
De wiersizter sei tsjin har: "Jo binne by de man wei, mar jimme komme wol wer by elkoar." Doe sei se: "Jo ha dêr in jurk oan, dêr ha jo de punten foar kocht." De textyl wie doe op punten.
Dat kloppe presys. Hja hie de punten der net mear foar hawn, dêrom hie hja se kocht.
En hja is letter wer by har man rekke.
De wiersizter sei ek noch: "As jo joun thúskomme, sil der by jo op 'e buert (yn Aldegea) in stik earmoed (= rúzje) wêze.
En dat is ek útkom. De buorlju wienen dy jouns fjûrslach deilis.

Beschrijving
Een vrouw kwam eens bij een waarzegster. Deze wist verschillende dingen die klopten, en deed ook enkele voorspellingen die later zijn uitgekomen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 894, verhaal 13
Naam Locatie in Tekst
Gees   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Aldegea   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21