Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ089801

Een sage (mondeling), zomer 1951

Hoofdtekst

Der wie in man, dy woe 't tsjoenen leare. Dêrfoar moest er nei 't hûs fan Bintum, fjouwer ûren boppe Grins. Dat hûs wie kapt út ien stik stien en hie in reinwettersbak sûnder groun. Dêr woarden de forgaderingen fan 'e tsjoensters hâlden.
De tsjoensters fleagen yn in wanne dêr hinne.
Dat die dy man ek.
Hja kommen yn it hûs. 't Wie der allegear mei swarte kleden bihinge. Foar elk wie in sitplak.
De duvel siet yn 't midden. Op elk sitplak wie in tried nei de duvel ta.
As de duvel ien net fortroude, dan sei er tsjin dyselde: "Snij de tried troch!"
Die men dat, dan wie men jins eigen leven kwyt.
De man moest wer fuort, ear't de hoanne kraeide.
Hy hie in âld wyfke by him.
"Hoe kom ik wer fuort?" sei er. "Witte jo gjin rie?"
"Né", sei se.
Doe kraeide de hoanne.
Hoe kom er dêr nou wei?
Dêr seach er in hynder stean. Dêr moest er mar op fuort.
Hy moest hyltyd deselde gedachten hâlde.
Doe op 'e tsjoele(?) kom er op oare gedachten.
Hy foel op 'e wei. It hynder wie in bosk strie.
Dat smiet er yn 'e wylgepôlle.


Beschrijving

Een man wilde het toveren leren en kwam zo in het huis van de duivel. Die stond in het midden van een kamer, en alle heksen zaten er op stoelen omheen. De man moest terug voor de hanen kraaiden, maar hij wist niet goed hoe hij dit moest aanpakken. Hij probeerde op een paard te komen, maar dit bleek een bos stro te zijn.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 898, verhaal 1

Commentaar

zomer 1951

Naam Overig in Tekst

Bintum    Bintum   

Naam Locatie in Tekst

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21