Hoofdtekst
Hindrik Pyk (= H. Ophuis) kom faek by beppe en dy. Beppe hie dêr in great hekel oan, mar sy doarst der neat fan to sizzen.
Sy hienen doe in poppe. Doe sei er op in kear, hy woe de poppe graech sjen. Doe't dat gebeurde bigong it bern to razen, sadra hy fuort wie.
Sy koenen de poppe noait stil krije. Dy raesde mar troch.
't Wie in susterke fan mem.
Doe binne se nei Kûkherne gong, nei greate Wopke, de duvelbander. It bern wie bitsjoend. 2 jonges fan sa'n 20 jier gongen der hinne. Sy krigen in fleskefol guod mei. Wopke sei, sy moesten it goed yn 'e jas hâlde, dat der neat út it fleske kom en sy mochten de drank oan net ien sjen litte. Der soe har ien yn 'e mjitte komme dy't it op it fleske bigrepen hie.
Doe't se omtrint wer yn 'e Harkema wienen kom Hindrik Pyk har tomjitte. De iene hâldde de hân stiif op 'e bûse dêr't it fleske yn siet.
"Wite jimme ek of Hindriks Trui har poppe noch leeft?" frege er.
Doe't de beide jonges by pake en dy kommen joegen se de poppe fuortdaliks in leppeltsjefol fan it guod.
It bern wie fuortdaliks stil en 't hat noait wer raesd.

Onderwerp
TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   
Beschrijving
Een bezoeker wilde graag eens de baby zien. Toen de man weg was, begon het kind vreselijk te razen. Twee broers gingen naar Wopke, de duivelbanner. Hij gaf een drankje mee en de waarschuwing onderweg voorzichtig te zijn en geen vreemde ogen over het drankje te laten gaan. Op de terugweg kwamen ze de bezoeker weer tegen. Thuisgekomen hebben ze het kind het drankje gegeven, en het is meteen stil geworden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 899, verhaal 3
Commentaar
2 oktober 1971
Het drankje van de duivelbanner
Naam Overig in Tekst
Hindrik Pyk   
Hindrik Ophuis   
Wopke   
Hindriks Trui   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21