Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ090002

Een sage (mondeling), woensdag 01 september 1971

Hoofdtekst

Hinke Kaert, dy't letter to Nijebrêge wenne, is ôfkomstich fan Wergea. Se seinen dêr yn Wergea altyd Hinke fan Rutsje. Hja hat twakear troud west. Hja hie fjouwer soannen. De fjirde soan wie in oerwinneling.
In frou fan Wergea fortelde my ris: ik haw mei in freondin as greatfanke nei Nijebrêge ta west. Hja sei tsjin my: "Jo sille noch tsien jier faem bliuwe. Dan sille jo trouwe en fier fuort gean. Jimme sille it goed dwaen en dan weromkomme."
Tsjin myn freondinne sei se: "Jo komme, al ridlik gau, nei oan 'e wei yn in húske to wenjen."
Hwat hja dêr foarspeld hat is krekt sa neikom.
Ik bin nei tsien jier troud. Doe binne wy nei Amerika tein. Wy ha dêr bêst buorke. En doe binne wy hjir werkom.
Myn freondinne krige in healjier letter de tarring. Al gau dêrnei woarde se bigroeven tichte by de dyk yn Wergea. Dat lytse houten hûske wie de deakiste.


Beschrijving

Hinke Kaert deed voorspellingen voor twee meisjes. Alle voorspellingen zijn later uitgekomen.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 900, verhaal 2

Commentaar

1 september 1971

Naam Overig in Tekst

Hinke Kaert    Hinke Kaert   

Nieuwbrugge    Nieuwbrugge   

Rutsje    Rutsje   

Naam Locatie in Tekst

Nijebrêge    Nijebrêge   

Wergea    Wergea   

Amerika    Amerika   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21