Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ090101

Een sage (mondeling), woensdag 06 oktober 1971

Hoofdtekst

Doe't myn âldste suster in popke wie krige se in fearren kessentsje fan mem har mem. Dat moest it popke yn 't weintsje ha, sei se.
Elke joun as hja yn 't weintsje lei, dan hearden heit en dy ien om 't hûs hinne rinnen. Mar dêr woarde net folle notysje fan nom. Mar dan bigong de poppe to gûlen. Dat die se elke joune. Doe't se al in stik âlder wie die se 't nòch altiten. Se wie dan net stil to krijen. Heit hie har alris lulk yn 'e weech goaid en hie roppen: "Ast gûle wolst, gûl dan!"
Doe op in middei tocht mem: "Hwat is dat kessentsje fan it bern hurd. Sa hurd as in bikkel."
Doe sei heit: "Dat kessentsje matte wy ris even neisjen."
Doe makken se 't kessentsje iepen. Mar earst sei heit: "Nou matte jim earst bûtendoar sjen. En as jim hwat sjogge: in houn of in kat, dan matte jimme dy fuortjeije en as 't kin in goed lawibes jaen." Hwant de lju seinen as men de krânsen opbarnden en de tsjoensters seagen it, dan barstte de kachel.
Doe makken se it kessentsje iepen. Dêr kamen trije krânskes út en it iene wie omtrint folbrocht. As dat folbrocht west hie, dan hie Jinke dea west. Der siet fan alles yn dy krânskes. Sels de toukes fan heit syn tabakskladden sieten der yn. En ek lapkes fan guod dat mem naeid hie en ek byntjern en fansels fearren. Dat ha se allegear forbarnd.
Doe wie myn suster genezen.


Onderwerp

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

Beschrijving

Een baby lag elke avond in de kinderwagen te huilen. Toen de ouders haar kussentje nakeken, bleken er drie kransen in te zitten. Ze waren nog niet helemaal af, anders zou het kindje dood geweest zijn. Ze hebben alles verbrand, en toen is het kindje beter geworden.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 901, verhaal 1

Commentaar

6 oktober 1971
Heksenkrans in kussen

Naam Overig in Tekst

Jinke    Jinke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21