Hoofdtekst
Hil wenne yn Himpens by de boer. Ik ha letter faem west by deselde boer.
Yn de tiid dat Hil dêr wenne woarde it Ljouwerter kermis. Doe wie dêr krekt in skilder oan 't wurk by 't hûs, dêr't Hil wenne. Hja biloofde dy skildersfeint, hja soe mei him kermis hâlde. Hil nom it foar gekheit op, mar hy foar tinken. Dat hja gyng net mei him.
Mar doe ha se nuvere dingen bilibbe, hwant dy skilder koe mear as in oar. Dan wer leinen alle stuollen op 'e kop oer de flier en it kleed oprolle. En de sinten, dy't op 'e tafel leinen, dy wienen samar ynienen fuort. Doe leinen se op 'e rânne fan 't glês fan 'e petroaljelampe. En der wie net in minske. It wie noait liker as koe dy skilder tsjoene.
Hja hienen in âlde molkbus yn 'e skuorre stean, dêr hienen se jierrenlang noait it lid fan ôfkrije kind. De boer syn klean hienen fuort west. Doe hienen se 't lid fan 'e bus optild - dat hie samar ynienen los sitten - en doe hienen de klean dêr yn sitten.

Onderwerp
SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   
Beschrijving
Een meid beloofde een schildersknecht mee naar de kermis te gaan, maar ze deed het niet. De knecht kon meer dan anderen, en liet allerlei dingen verdwijnen. Die spullen vonden ze dan op hele andere plekken weer terug.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 901, verhaal 14
Commentaar
6 oktober 1971
Andere Zauberei.
Naam Overig in Tekst
Himpens   
Naam Locatie in Tekst
Hil   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21