Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ090502

Een sage (mondeling), woensdag 20 oktober 1971

Hoofdtekst

Myn man Kij syn beppe koe wiersizze. Sy foarspelde ien samar de takomst. Hja hat it o sa krap hawn. Har dochter Antsje sukkele altyd. Sy krige twa dûbeltsjes fan 'e earmfâlden. Op in kear doe wie se by ús en doe seach se wer yn 't kofjedik. "Hea," sei se, "noait liker as krijstû in blom."
Mem sei: "Hoe komt mem der by. Hwer soe ik in blom wei krije. Hjir komt noait ien mei blommen."
"Nou," sei 't âld-minske, "tink der mar ris om. It is klear to sjen, dû krijst in blom."
Koarte tiid dêrnei kom der in famke by ús. "Sjoch," sei se, "hjir ha 'k in loat fan in blom. It is sa'n moaijen ien, dat mem sei, dêr moest ik jo in loat fan bringe."

Beschrijving

Een vrouw voorspelde een andere vrouw eens dat ze een bloem zou krijgen. Dat zag ze in het koffiedik. Het kwam uit.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 905, verhaal 2

Commentaar

20 oktober 1971

Naam Overig in Tekst

Kij    Kij   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21